Eanjumer oppakt mei wapen

In 28-jierrige man út Eanjum hat de nacht fan tongersdei op freed yn in sel trochbrocht neidat er oppakt wie mei in ferbean wapen. De man waard tongersdeitejûn oanhâlden op de N358 by Bûtenpost om in blaastest te dwaan.
Hy slagge foar de test, mar de plysje seach op de byridersstoel in ferbean wapen lizzen. It gie om in ketting mei in selsmakke hânfet. De man is oanhâlden, de ketting yn beslach naam.