Plysje pakt 112-belster op

27 maaie 2011 - 10:27

In 55-jierrige frou út Ljouwert hat tongersdei yn in pear oeren tiid acht kear mei 1-1-2 belle wylst der neat oan 'e hân wie. De plysje warskôge alle kearen om der mei op te hâlden, mar dat die de frou net.

De frou is lang om let oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr sit se fêst foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)