Guijt en Beekmans ek fuort

Middenfjilders Danny Guijt (30) en Paul Beekmans (29) geane fuort by Cambuur. Beide spilers krije gjin nij kontrakt oanbean. Ek ferdigener Dennis van der Ree (32) hat nei fjouwer jier syn lêste wedstriid foar Cambuur spile. Beekmans en Guijt kamen trije seizoenen lyn nei Ljouwert. Beekmans fan FC Den Bosch en Guijt fan RBC.
Tongersdei waard al bekend dat keeper David Meul en oanfaller Kevin Diaz nei de simmer net werom komme sille.