Lintsje foar Alian Akkermans
Afûk-meiwurkster Alian Akkermans is tongersdei lid yn 'e oarder fan Oranje Nassau wurden. De keninklike ûnderskieding krijt se foar alle aktiviteiten dy't se, sûnt 1986, foar de promoasje fan de Fryske taal útfierd hat.
Mei namme it stimulearjen fan it lêzen fan Fryske boeken troch bern levere har de bynamme "de mem fan Tomke" op.