Westra rekket lieding kwyt

Lieuwe Westra
Hurdfytser Lieuwe Westra is der net yn slagge om de liederstrui te behâlden yn de Ronde fan België. Yn de twadde etappe ferlear Westra in protte minuten troch de hurde wyn. Hy kaam yn de ferkearde waaier telâne, tegearre mei ûnder oare Stijn Devolder. De einoerwinning sit der dêrtroch net mear yn foar Westra.
De oerwinning yn de twadde etappe gie nei André Greipel, foar Kenny van Hummel. Greipel wie de rapste yn de sprint mei oankomst yn Knokke-Heist.