Pontbazen Keimpetille op les
Mear as 20 minsken dy't belangstelling ha om baas te wurden op it pontsje fan Keimpetille krigen tongersdei in spesjale oplieding. Keimpetille leit tusken Sweins en Hatsum oan it Van Harinxmakanaal. Oant 1946 wie der in brêge, mar doe't it kanaal ferbrede waard, kaam der in pontferbining. Dy pont hat oant 1963 tsjinst dien, doe woene de gemeenten it net mear betelje.
De stifting Keimpetille wol it pontsje dizze simmer wer yn gebrûk nimme. De pont is foar kuierders en fytsers.