Man mei broek op de knibbels

26 maaie 2011 - 11:32

In 38-jierrige man út Scheerwolde is woansdei yn Elslo oanhâlden. De man stie by it Kanadamar mei de broek op de knibbels en syn lid yn 'e hannen, doe't in frou lâns kaam.

De frou belle de plysje en dy koe de man letter oanhâlde. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke foar 'schennispleging'.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)