Hooglandgemaal yn gebrûk naam

Steatssiktaris Joop Atsma hat tongersdeitemoarn yn Starum it J.L. Hooglandgemaal feestlik yn gebrûk naam. It gemaal is de ôfrûne tiid hielendal opknapt en is wer klear foar de takomst. Alle pompen binne neisjoen en automatisearre. De kapasiteit fan it gemaal is ek grutter wurden.
It Hooglandgemaal is yn 1966 yn gebrûk naam. It loast wetter fan de Fryske boezem yn de Iselmar. It is it grutste gemaal fan Fryslân.