Noardfrysk 'slim bedrige taal'
Dútslân sjit slim tekoart wer it giet om it beskermjen fan de Fryske farianten Seelterfrysk yn Nedersaksen en Noardfrysk yn Sleeswyk-Holstein. Dat skriuwt de Ried fan Europa yn in tige kritysk rapport oer de posysje fan minderheidstalen yn Dútslân.
Dútslân hat him neffens it Hânfêst foar minderheidstalen ferplichte om ûnderwiis yn it Noardfrysk en Seelter-frysk oan te bieden, mar dêr komt yn de praktyk net folle fan telâne. Op in soad skoallen wurdt gjin Frysk jûn.