Minsken beknypt ûnder bouplaat

26 maaie 2011 - 10:32

In 35-jierrige man en in 31-jierrige frou út Wolvegea binne woansdeitejûn ferwûne rekke nei't se beknypt rekke wiene ûnder bouplaten.

De slachtoffers wiene dwaande yn de skuorre by harren hûs oan de Haadstrjitte doe't de platen omfoelen. De plysje wist beide minsken te befrijen. Se binne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)