Bestjoerder slim ferwûne

26 maaie 2011 - 07:13

By in oanriding op de Ljouwerterwei by Sniksweach is woansdeinacht in 52-jierrige man út Aldehaske slim ferwûne rekke. De bestjoerder ried yn de rjochting fan Terherne nei De Jouwer en rekke foar Sniksweach yn 'e slip. De auto botste tsjin in beam en kaam op it fytspaad ta stilstân. De brânwacht hat de man út it wrak helle.

Dernei is it slachtoffer mei de traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG yn Grins. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)