Dongfergister makliker meitsje

26 maaie 2011 - 06:55

It moat foar boeren makliker wurde om mei in dongfergister op it hiem te wurkjen. No meitsje Europeeske regels it noch dreech om jild te stekken yn sa'n ynstallaasje dy't grien gas makket, omdat se neat kinne mei it restprodukt. Steatssekretaris Joop Atsma wol yn Europeesk ferbân regelje dat dat restprodukt as keunstdong brûkt wurde mei.

Yn it kommende oerlis fan alle 27 Europeeske ministers fan miljeu sil Atsma hjir omtinken foar freegje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)