Grutte oarder Van den Berg

26 maaie 2011 - 06:32

It bedriuw A.P. van den Berg op It Hearrenfean hat in miljoene-oarder krigen. It bedriuw krijt 5 miljoen euro yn ruil foar it meitsjen fan 24 hydraulyske ynstallaasjes foar sluzen yn de Maas. Boubedriuw Heijmans hat A.P. van den Berg de opdracht jûn.

Rykswettersteat is tusken Maastricht en Weurt yn Limboarch dwaande de Maas te ferdjipjen en breder te meitsjen. Neffens direkteur Wim Hassing is dit de grutste oarder út de skiednis fan it famyljebedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)