Gjin ekstra jild ûnderwiis

26 maaie 2011 - 06:16

It ûnderwiis yn Fryslân hoecht net te rekkenjen op ekstra jild fan it ryk om de problemen fan de krimp tsjin te gean. Dat boadskip hie minister Marja van Bijsterveld fan ûnderwiis woansdei yn it LC-debat.

Der moat yngripend besunige wurde en tagelyk moat de kwaliteit fan it ûnderwiis omheech. De kommende jierren krimpt it tal learlingen mei 5800 bern en dy krimp moat opfongen wurde. De minister sei ek dat de oergong fan it MBO nei it HBO dreger wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)