Mindere dei Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester (argyffoto)
Marit Bouwmeester is op de twadde dei fan de Delta Lloyd Regatta har kopposysje kwyt rekke. De wyn foar de kust fan Medemblik wie swak en kaam út ferskate rjochtings. Dat ferrifele de sylster út Warten yn har Laser Radial. Se waard 39e en 13e en sakke nei it achtste plak yn it klassemint. Roelof Bouwmeester sylde yn de Laser nei in 12e en 5e plak. Hy stiet fjirde yn de tuskenstân.
Pieter-Jan Postma waard yn de Finn 17e en 11e. Hy sakke nei it sânde plak.