Gebou by REC mei stean bliuwe

25 maaie 2011 - 16:43

Omrin hoecht it kondinsoaregebou by de ôffaloven yn Harns net ôf te brekken. It gebou sit om de ynstalaasje dy't de waarmte fan de ôffaloven nei it sâltfabryk regelet. Ferline simmer hat de gemeente Harns de fergunning fan it bouwurk ynlutsen. It gebou soe neffens de gemeente in nutsbedriuw wêze dêr't in oare fergunning foar nedich is.

De rjochter seit no dat it in bedriuwsgebou is en dêrmei foldocht it gebou wol oan de jildende regels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)