NOM tefreden oer 2010

It gebou fan de NOM
De Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij, de NOM, hat ferline jier foar goed 750 miljoen euro ynvestearre yn projekten. Der waarden meielkoar 861 banen makke of behâlden.
De NOM hâlde sels 11 miljoen euro oer. De organisaasje is dêr bliid mei, want it jier dêrfoar wie hiel dreech. Troch de ekonomyske krisis wie der in flink gat slein yn it fermogen fan de NOM. Dy is dêrom wol foarsichtiger wurden mei ynvestearjen