Garnalefiskers fiskje wer

De garnalefiskers binne woansdei wer útfearn. Wikenlang lei de float stil om't de fiskers ûntefreden wiene oer de priis foar de garnalen. De hannel hat no twa euro fyftich de kilo tasein. Dat is noch altyd minder as de 3 euro dy't de sektor easket.
De garnalefiskers binne no te proeffiskjen, sa't se sels sizze. Se wolle útfine wat de garnalen moarn op de feiling opsmite. Falt dy priis ôf dan lizze de fiskers de skippen wer foar de wâl.