Elektryske auto's net populêr

Der binne mear laadpunten as auto's........
In jier nei de start fan it projekt om hûnderten elektryske auto's yn Fryslân op de dyk te krijen is der noch net ien elektryske auto by kaam. De provinsje wol dat der yn 2012 fiifhûndert folslein elektryske auto's op de Fryske diken ride. Yn 2010 wiene dat hast 20 en neffens de provinsje is dat noch altyd it gefal.
Neffens deputearre Galema komt dat trochdat it noch altyd lestich is om in elektryske auto te keapjen. Wol binne der in soad oplaadpunten by kaam.