Oppakt foar net-betelle boetes

25 maaie 2011 - 11:00

In 38-jierrige man út Uithuizen is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oanhâlden fanwege in ferrûne APK en iepensteande boetes.

De plysje kontrolearre op de A7 by Ysbrechtum syn kenteken en dêrút waard dúdlik dat de APK fan de auto ferrûn wie. De man waard oanhâlden en út de kontrôle fan syn gegevens die bliken dat hy ek noch foar 900 euro oan net betelle boetes op syn namme hie. Dy koe hy net betelje en dêrom waard hy ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)