Stikken fan Waad bliuwe ticht

It ministearje fan ekonomyske saken hat de beswieren tsjin it ôfsluten fan gebieten op it Waad foar fiskerij en rekreaasje terjochte ôfwiisd. Dat seit de Raad van State. It Productschap Vis, it Watersportverbond en de feriening fan Wadvaarders hiene dat beswier yntsjinne. Sy fine dat der te grutte gebieten ôfsluten wurde.
Neffens it ministearje soarget benammen de rekreaasjefeart foar oerlêst yn de natuer en dêrom binne de beswieren ôfwiisd.