i-Phone werom fia GPS-sinjaal

25 maaie 2011 - 10:09

De plysje hat tiisdeitemiddei yn Drachten seis fertochten oanhâlden yn ferbân mei it stellen fan in i-Phone yn Emmen. Dêr hiene twa manlju op in terras de i-Phone fan in 18-jierrige frou stellen. Fia it GPS-sinjaal fan de i-phone koe sjoen wurde wêr't dy wie. Mei de plysje is it slachtoffer achter de dieders oan gien.

It sinjaal gie fia Beilen rjochting Drachten. Mei help fan tsjûgen waard de i-Phone weromfûn en koene de seis fertochten oppakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)