Mear bekeurings yn ien kear

25 maaie 2011 - 09:56

De plysje hat tiisdeitejûn in 29-jierrige man út Eelde oanhâlden foar ferskillende oertredings. De plysje seach dat de man op it Suderplein yn Ljouwert mei hege snelheid troch read ried. By de stopljochten op de Harnzerstrjitwei waard de man oanhâlden. De man koe gjin rydbewiis en ek gjin identiteitsbewiis toane. Op it buro die bliken dat syn rydbewiis ûnjildich ferklearre wie.

Foar alle oertredings waard proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)