SP: 'Lanlik ûndersyk flats'

It inistearje fan binnenlânske saken moat in ûndersyk dwaan nei flats mei deselde konstruksje as de Antillenflat yn Ljouwert.
Dat fynt de Twadde Keamerfraksje fan de Socialistische Partij. Keamerlid Paulus Jansen freget minister Donner om gau sa'n ûndersyk te dwaan. Dat moat lanlik oppakt wurde om't der in soad flats lykas de Antillenflat delsetten binne yn de jierren '60.