Utstel foar sanearring tanks

24 maaie 2011 - 21:54

Boeren yn Littenseradiel krije nei 1 juny gjin bekeuring foar boppegrûnske diseloaljetanks. Eins soene dan alle âlde oaljetanks op boerehiemen fuorthelle wêze moatte of oan de nijste easken foldwaan moatte.

De steatssekretaris fan ynfrakstruktuer en miljeu hat lykwols foar oare bedriuwstakken nije miljeuregels yn 'e maak en dan moatte earst yn 2015 de tanks sanearre wêze. Oant dy tiid krije de boeren yn Littenseradiel ek útstel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)