Goed begjin Bouwmeesters

Marit Bouwmeester (foto: Thom Touw, Delta Lloyd Regatta)
Marit en Roelof Bouwmeester binne goed begûn oan de Delta Lloyd Regatta foar de kust fan Medemblik. Mei hurde wyn wûnen de broer en suster út Warten beide de earste race fan dizze 5e wrâldbekerwedstriid. Yn har Laser Radial waard Marit dêrnei twadde en Roelof yn de Laser fiifde. Marit stiet earste, Roelof tredde yn it klassemint.
Pieter-Jan Postma waard yn de Finn tsiende en fjirde. Hy stiet op it fiifde plak. It wrâldbekersilen op 'e Iselmar duorret noch oant en mei snein.