Hierders kinne flat ynleverje

24 maaie 2011 - 16:58

Hierders dy't perfoarst net werom wolle nei harren wente yn de Antillenflat krije oare wenromte oanbean fan wenningkorporaasje WoonFriesland. Dat hawwe se tiisdeitemoarn tsjin de hierders sein.

In part fan de bewenners hat yn it ferline de flat kocht fan WoonFriesland. As se ferhúzje wolle, keapet de wenningkorporatie de flats werom. By de oerdracht is fêstlein dat by nije ferkeapplannen de wenten earst oanbean wurde moatte oan de ferhierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)