Lanlike primeur foar Achlum

24 maaie 2011 - 16:15

Achlum hat in lanlike primeur. It is it dekôr foar de grutste live-registraasje dy't ea op ynternet te sjen wie yn Nederlân. Yn Achlum is sneon de grutte Achmea-konvinsje. Achmea fiert dan dat it 200 jier lyn oprjochte waard yn it doarp.

Hichtepunt is de besite fan âld-presidint fan Amearika Bill Clinton. It bedriuw Feller Media moat soargje dat it sneon allegear op ynternet te folgjen is. It is fan 10.00 - 18.30 oere te folgjen fia omroplive.nl

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)