Offal Smelingerlân goedkeaper

Ynwenners fan Smellingerlân betelje takom jier minder foar it ferwurkjen fan har smoargens. Hûshâldings skeelt it 30 euro, minsken dy't allinne wenje 25 euro. It ferleegjen fan de tariven is mooglik omdat it ynsammeljen goedkeaper wurdt. Dat komt û.o. troch effisjintere smoargensauto's. Fierder helpt it dat papier en plestik skieden ynsammele wurdt. Dat wurdt ferkocht, omdat it opnij brûkt wurde kin.
De gemeenteried fan Smellingerlân moat noch prate oer de tariven.