Fryslân 9e op reputaasjelist

24 maaie 2011 - 11:06

Fryslân stiet op it njoggende plak yn de list fan provinsjes mei de bêste reputaasje. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder 9.000 Nederlanners troch in Amsterdamsk ûndersyksburo.

Neffens it buro is Limboarch de sympatykste provinsje, omdat de hoareka, de sfear en de natuer in hege wurdearring krije. Noard-Brabân stiet op it twadde plak. Flevolân is it minst populêr en stiet op it lêste plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)