Röntgenfoto's fan flat makke

24 maaie 2011 - 10:35

Yngenieursburo Econstruct hat röntgenfoto's makke fan de boukundige konstruksjes fan de Antillenflat yn Ljouwert. De earste befiningen dêrfan sille tiisdei om 11 oere yn it WTC hotel bekend makke wurde.

Ut foarsoarch is moandei it wurk oan de fyts- en fuotgongerstunnel neist de flat stillein. De 160 bewenners fan de Antillenflat yn Ljouwert hawwe de nacht by famylje, freonen of yn it hotel trochbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)