Konifearebrân yn Ljouwert

24 maaie 2011 - 09:57

Oan de Keizerskroon yn Ljouwert is yn de nacht fan moandei op tiisdei brân makke yn in konifearehage. De bewenners fan it hûs dêr't de hage byheart, hawwe noch besocht om it fjoer sels út te krijen, mar dat slagge net.

De brânwacht hat it brantsje úteinlik útmakke. Undersyk hat útwiisd dat it fjoer oanstutsen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)