Foppe de Haan wurdt bûnscoach

Foppe de Haan
Foppe de Haan wurdt bûnscoach, mar fan hokker lân is noch net bekend. De Haan kin allinnich sizze dat it giet om in eksoatysk lân en dat hy it sjocht as in moai projekt. It lân kaam fia Coaches Betaald Voetbal by Foppe de Haan út. Kommende freed wurdt De Haan presinteard.
Ofrûne wike waard De Haan mei syn ploech Ajax Cape Town krekt gjin kampioen fan Súd-Afrika. Nei trije jier yn Súd-Afrika hâldt de 67-jierrige De Haan no op yn Kaapstêd.