Technysk ûndersyk Antillenflat

24 maaie 2011 - 07:44

Der wurdt tiisdeitemoarn ûndersyk dien nei de oarsaak fan it ynstoarten fan in part fan de galerij fan de Antillenflat yn Ljouwert. De útkomsten fan dat ûndersyk moatte in antwurd jaan op de fraach oft de bewenners yn de rin fan de dei wer yn harren hûs meie.

De 160 bewenners hawwe moandeitenacht by famylje, freonen of yn it WTC Hotel sliept. Minsken mei fragen kinne noch altyd terjochte op it ynformaasjenûmer 058-2334040.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)