Fryske steateleden hawwe stimd

23 maaie 2011 - 16:12

De Fryske leden fan provinsjale steaten hawwe moandei allegear op har eigen partij stimd foar de Earste Keamer. Foar de fjouwer FNP'ers wie dat de Onafhankelijke Senaatsfractie.

VVD, CDA en gedoochpartner PVV ha mei elkoar ien sit te min foar in mearderheid yn de Earste Keamer. De OSF, de partij dêr't de FNP by heart, komt wer mei ien sit yn de Earste Keamer. Ald-wethâlder Janny Vlietstra fan Ljouwert komt troch stimmen út Fryslân en Drinte yn de Keamer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)