WoonFriesland: Grut riedsel

Foto: @pietermarssum
It is foar eigner WoonFriesland in 'kompleet riedsel' hoe't de galerij fan de flat op de Antillenweg moandei ynstoarte koe. Dat seit direkteur Frans Kooiker. Der wiene moarns foechwurksumheden dien op de kopske kant fan de flat, mar dy kinne neat mei it ûngelok op de lange kant te meitsjen ha.
De wenningboukorporaasje hat yn it ferline 55 persint fan de splitlevelflats ferkocht oan hierders, 45 persint wurdt noch ferhierd.