Soargen VVD oer rykstsjinsten

23 maaie 2011 - 11:25

De steatefraksje fan de VVD makket him soargen oer de ferskowing fan rykstsjinsten nei Swolle ta. De Ryksgebouwetsjinst wol op in tal lokaasjes bûten De Haach kantoaren bouwe foar ryksamtners út de regio. Foar it noardeasten wurdt dat Swolle.

Neffens de VVD kin dat likegoed Fryslân wêze. De fraksje fynt it in minne ûntwikkeling en hat fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. De VVD freget him ôf wat der noch mear ferdwynt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)