Umeå 2014 hat pompeblêdlogo

23 maaie 2011 - 11:23

Kulturele haadstêd Umeå 2014 brûkt in logo dat in hiel soad op it Fryske pompeblêd liket. Yn de Noard-Sweedske stêd is it pompeblêd rûnom yn it strjitbyld oanwêzich. Neffens de lieding fan Umeå 2014 is it tafal dat harren logo safolle op it symboal fan Fryslân liket. De Sweden hawwe dat noch mar koartlyn ûntdutsen.

De Sweden sizze wol dat se it 'hiel nijsgjirrich' te finen dat ek Fryslân kandidaat kulturele haadstêd is en wolle Fryslân dêr wol by stypje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)