Steaten wer op Omroplive.nl

© Omrop Fryslân
De gearkomste fan Provinsjale Steaten fan Fryslân is moandei streekrjocht te folgjen op ús temakanaal www.omroplive.nl. De steaten kieze middeis om 15.00 oere de nije Earste Keamer. Dy ferkiezings binne dit jier ridlik spannend.
Foardat it safier is prate de steaten ûnder oare oer de Reststoffe-ôffaloven fan Omrin yn Harns, oer de takomst fan de Ofslútdyk, oer Tresoar en oer gearwurkingsferbân Noard-Nederlân.