Loop Ljouwert goed ferrûn

23 maaie 2011 - 09:45

Goed 5000 hurdrinners en, foar it earst, kuierders hawwe snein yn Ljouwert meidien oan it sportive spektakel de Loop fan Ljouwert. In rekôr, want ferline jier kamen der sa'n 4500 minsken ôf op it evenemint dat doe noch de namme Maraton fan Ljouwert hie.

De hurdrinners koene snein kieze út 5, 10 en 21,1 kilometer (de heale marathon), wylst der foar de bern in kidsrun wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)