Kwaliteit ûnderwiis foarop

Underwiisorganisaasje Proloog moat in miljoeneskuld fuortwurkje, mar foar de kwaliteit fan it ûnderwiis mei dat gjin gefolgen hawwe, neffens wethâlder Thea Koster fan Ljouwert. Proloog is de oerkoepeljende organisaasje foar iepenbier ûnderwiis yn Ljouwert.
De ferwachting is dat foar tusken de 30 en 50 personielsleden aanst gjin plak mear is. By Proloog wurkje no 400 minsken. Koster tinkt dat 10% fan de minsken derút kin sûnder dat soks gefolgen hat foar de ûnderwiiskwaliteit.