Race Harns-Hull giet net troch

© Omrop Fryslân
De sylrace fan Harns nei Hull en wer werom, giet dit jier net troch. De race soe op 18 juny holden wurde, mar der hawwe har mar 16 minsken oanmelden. Neffens de Harlinger Watersportvereniging is dat te min en ûntstiet der in finansjeel tekoart mei sa'n bytsje dielnimmers.
Yn de ôfrûne fjouwer edysjes fan de race naam it oantal silers ta. Yn 2009 wiene der 23 dielnimmers. De Harlinger Watersportvereniging sil him no beriede op de takomst fan de race.