Cambuur sukses op ynternet
De wedstryd fan Cambuur tsjin Zwolle wie sneintemiddei in grut sukses op ynternet. Omrop Fryslân stjoerde de wedstryd live út fia www.omroplive.nl. Ut sifers fan Google Analytics blykt dat hast 20.000 minsken de wedstryd dêr folge hawwe.
Sa'n grut sjoggerstal is by de Omrop noch nea earder helle op ynternet. De temasite www.omroplive.nl waard yn de tiid fan de wedstriid mear as 50.000 kear besocht.