Bos wer twadde op Bosberch

It is hurdfytser Jan Bos fan Nijhoarne opnij net slagge om de Ronde fan Súdeast Fryslân op syn namme te setten. Bos waard foar de tredde kear op rige twadde. Winner op de Bosberch fan Appelskea waard Michael Vingerling út Rockanje. Vingerling wie Bos yn de sprint mei noch acht man de baas. Tredde waard Maurits Lammertink, in ploechmaat fan Jan Bos.
Fan de earste kilometer ôf wiene der groepkes fuort. Troch de hurde wyn wiene de 175 km dreech.