Mid-Fryslân krijt tik

22 maaie 2011 - 16:20

Mid-Fryslân hat snein de slach om de kopposysje yn de haadklasse B fan it fjildkuorbal ferlern. De nije koprinner VADA út Wageningen wûn yn Reduzum mei 15-7 fan de ploech fan Peter Tolsma. It skot by Mid-Fryslân wie net suver en VADA koe wat better mei de hurde wyn omgean.

Yn de selde haadklasse wûn LDODK mei 15-13 fan DSC en wie der in 11-9 oerwinning fan SCO op BEP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)