Agressive Snitser oppakt

In 20-jierrige Snitser is sneontenacht yn syn wenplak oanholden foar mishanneling. Yn in hoarekagelegenheid krige er spul mei in oare man dy't er tsjin de holle sloech. Dêrnei pakte er in meiwurker by de kiel doe't dy yngripe woe.
De fertochte waard troch in befeiliger oanholden en oan de plysje oerdroegen. Hy krige proses-ferbaal. Dat krigen twa Snitsers fan 20 en 21 jier ek om't se har mei de oanhâlding bemuoiden en net fuortgiene doe't de plysje dat woe.