Auto yn wetter treaun

It skipfeartferkear yn de Dokkumer Ie by de Prinsetún yn Ljouwert is stremd. Op dat plak is sneonteancht in auto sonken, dûkers besykje dy der snein wei te krijen. In stel hie de auto nachts op in talúd setten en wie op in bankje yn de Prinsetún sitten gien.
Twa jonges hawwe doe de auto yn it wetter treaun. Dy dreau nei de fargeul en sonk dêr. De plysje hat noch nei de jonges socht, mar koe se net fine omdat it stel net echt in goed sinjalemint jaan koe.