Earste fierljepwinst Hobma

21 maaie 2011 - 22:07

Thewis Hobma hat yn Bûtenpost de iepening fan it fierljepseizoen wûn. Hobma ljepte yn de finale 19.96 meter. Bart Helmholt gong yn syn sprong wol oer it baltsje fan Hobma hinne, mar it baltsje fan de fierste ôfstân lei net goed. Helmholt kaam út op 19.93. Ek Thomas Helmholt (19.23) en Hannes Scherjon (19.07) iepenen goed.

Hiske Galama wûn mei 14.74 by de froulju, Alwin Fonk by de junioaren mei 17.94 en Sytse Bokma by de jonges mei in ôfstân fan 15.99.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)