Grutte Bear de sterkste

21 maaie 2011 - 18:15

Manljussloep De Grutte Bear fan De Jouwer is sneon iepen Frysk kampioen sloeproeien wurden. Op De Lemmer wiene sy better as de sloep Twirre út Makkum. Tredde by de mannen waard Arad fan Skylge.

By de froulju waard sloep Kaag 1 fan Warmond iepen Frysk kampioen. De Skylger froulju fan Benwyvis waarden twad en de tredde priis gie nei Mare Australis fan Emmeloord. Der diene 57 sloepen mei yn ferskate klassen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)