Minwaar-maatregels foar Loop

21 maaie 2011 - 15:46

De organisaasje fan it rinevenemint Loop Leeuwarden nimt maatregels tsjin it ferwachte minne waar. Snein drave en kuierje sa'n 5000 dielnimmers yn en om Ljouwert. Se kinne 5, 10 of 21 kilometer hurddrave of ferskillende ôfstannen kuierje. Der wurde snein swiere rein- en tongerbuien ferwachte.

It is de fyfde kear dat it evenemint hâlden wurdt. It tal dielnimmers hat noch nea sa grut west. Ferline jier wienen der 4600 kuierders en dravers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)